Kampanje oer stellerij en heling yn hoareka úteinset

24 des 2015 - 13:39

Yn de binnenstêd fan Ljouwert begjint tongersdeitejûn de kampanje 'Stop diefstal in de horeca & Stop Heling'. It is in inisjatyf fan de gemeente en de Koninklijke Horeca Nederland.

Doel fan de kampanje is om gasten yn de hoareka bewust te meitsjen fan stellerij yn de hoareka en de heling dy't dêrop folget. De kampanje yn Ljouwert slút oan by de lanlike kampanje.

Fia de app Stop Heling en de webside stopheling.nl, is te kontrolearjen as in produkt datst keapje wolst, stellen is. In promoasjeteam fan studinten is tongersdeitejûn yn de Doelesteech en it Ruterskertier om folders út te dielen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)