Kampanje foar wetteropfang

27 jul 2010 - 17:17
  • Foto: Omrop Fryslân

Der moatte mear punten komme dêr't wettersporters ôffalwetter kwyt kinne. Sûnt ferline jier is it ferbean foar rekreaasjeboaten om smoarch wetter rinne te litten. Mar út ûndersyk docht bliken dat de helte fan de skippen noch neat oan board hat om it ôffalwetter op te fangen.

In spesjale kampanje fan de provinsje en it wetterskip moat de wettersporters oerhelje. Se soene dan bygelyks in opfangtank of in gemysk toilet oan board krije moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)