Kampanje foar 'oars iten'

17 jan 2011 - 12:08

De Fryske Miljeu Federaasje hâldt in kampanje foar minder miljeubelestend ite. Dat kin troch minder fleis en fisk te iten, minder iten wei te smiten of itenswaar te keapjen by de boer. Foar de kampanje is de webside oars-ite.nl opset. Dêr is ynformaasje en tips oer bewuster ite te finen.

De kampanje rint oant 'e ein fan dit jier ta. Oan 'e aksje dogge 26 organisaasjes mei, ûnder oare It Fryske Gea, de provinsje, it wetterskip en Lânskipsbehear Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)