Kampanje foar nij miljeubelied

24 maaie 2009 - 10:08

Eaststellingwerf presentearret moandei de ideeën en mieningen fan ynwenners, ûndernimmers en ynstellingen oer in nij miljeubelied. De ôfrûne twa wiken is der in kampanje hâlden, wêrby't elk ideeën oanleverje koe oer hoe't de gemeente sa duorsum mooglik de takomst yngean kin. Sa waarden skoallen oandien en wie de gemeente ek oanwêzich by de Avondvierdaagse.

Eaststellingwerf wol witte wêr't de klam op komme moat te lizzen, as it om it miljeubelied giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)