Kampanje foar mear pleechâlden

03 nov 2008 - 17:45

Yn de wike fan 'e Jeugdsoarch is moandei yn Dokkum in kampanje út ein set om mear pleechgesinnen te finen.

Pleechsoarch Fryslân giet dizze wike mei in spesjale bus by fiif basisskoallen yn Fryslân del. Dêrmei hopet de organisaasjes sa'n 30 nije pleechgesinnen te finen. Dit is nedich omdat der op dit stuit 40 bern wachtsje op in pleechgesin. Meiwurkers diele op de skoalpleinen ynformaasjepakketten út en jouwe antwurd op fragen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)