Kampanje foar kameratafersjoch

28 sep 2008 - 15:12

Mei in spesjale kampanje hopet de Koöperative Wurkmaatskippij Hearrenfean ek de lêste ûndernimmers oer te heljen mei te beteljen oan it ophingjen fan kamera's op it bedriuweterrein Hearrenfean-Noard.

Dy kamera's soene der komme moatte om nije ynbraken foar te kommen. In pear jier lyn wiene der yn koarte tiid ferskate grutte ynbraken op it terrein en sûnt dy tiid wurdt der stribbe nei it ophingjen fan 'yntelliginte kamera's'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)