Kampanje foar generaal pardon

03 jun 2006 - 14:58

De earste manifestaasje fan de lanlike kampanje 'Aftellen tot het pardon' sil plakfine op sneon 17 juny yn de tún fan de needopfang yn Wytmarsum.

'Aftellen' set him yn foar de groep asylsikers dy't ûnder de âlde wet, foar april 2001, nei Nederlân kaam binne. Foar dy groep soe in generaal pardon komme moatte. It liket derop dat der yn in nij kabinet, nei de ferkiezings takom jier, wol in mearderheid foar sa'n pardon wêze sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)