Kampanje foar Frânske toerist

24 jul 2008 - 19:03
  • www.lafrise.nl

Mei in nije frânsktalige webside en in publisiteitskampanje wol Fryslân Marketing besykje ek de Frânske toeristen nei ús provinsje te heljen. Op www.lafrise.nl kinne de Frânsen lêze oer de Fryske alvestêden en it Waadgebiet. De kampanje is neffens Fryslân Marketing heech nedich om't der op 2 miljoen toeristen yn 2007, mar 8000 út Frankryk kamen. De nije kampanje is ek bedoeld om frânsktalige Belgen hjir te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)