Kampanje foar farren yn Fryslân

06 apr 2006 - 23:26

Der komt in grutte reklamekampanje om it farren yn Fryslân te promoaten. Fryske wettersportbedriuwen stelle dêrfoar jierliks 100.000 euro beskikber.

Dat lêste is koartlyn rûn kaam, sa lit inisjatyfnimmer Kees Alberts fan wettersportbedriuw Ottenhome yn Heech wite. De bedoeling is dat der noch jild by komt fan ûnder oare de provinsje, sadat fan 2007 ôf jierliks in miljoen euro te besteegjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)