Kampanje foar faksinaasje

06 apr 2006 - 08:40

De GGD Fryslân en soarchfersekerder de Friesland begjinne in kampanje om mear minsken har faksineare te litten wannear't se op fakânsje geane. Ferline jier krigen goed 15 tûzen minsken in prik, dat moat er no 5 tûzen mear wurde.

It is foar it earst dat in GGD en in soarchfersekerder sa gearwurkje. Folders en spotsjes op radio en tv warskôgje fan takom wike of oer de gefaren yn guon fakânsjelânnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)