Kampanje foar dragen autorimen

13 mrt 2004 - 00:00

Korpssjef Foeke Wagenaar fan de plysje Fryslân hat sneon op it Waagplein yn Ljouwert it offisjele startsein jûn fan de Fryske kampanje 'Gordels en kinderzitjes'. Dy is bedoeld om minsken dúdlik te meitsjen wat it belang is fan it dragen fan de autorimen.

Op it Waagplein stie sneon in 'kantelsimulator'. It winkeljend publyk kin yn de simulator plaknimme en sels meimeitsje hoe't it field om mei de auto oer de kop te slaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)