Kampanje drankmisbrûk studinten

14 aug 2001 - 00:00

In nije kampanje moat soargje dat it drankmisbrûk ûnder begjinnende studinten yn Ljouwert beheind bliuwt. Sûnt in pear jier wurdt yn alle studintestêden in soad omtinken jûn oan drankmisbrûk.

Earstejiers witte faak gjin maat te hâlden as se foar 't earst op harsels binne. Underdiel fan de kampanje is dat bartapers in kursus oer alkoholmisbrûk en de gefolgen dêrfan krigen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)