Kamp wol dochs ferhuzing SAR

24 maaie 2006 - 16:51

Minister Kamp fan Definsje bliuwt by syn beslút om de SAR-helikopters fan de Ljouwerter fleanbasis te ferpleatsen nei Den Helder. Dat skriuwt er nei oanlieding fan fragen oan de Twadde Keamer.

De provinsje ferset him tsjin de ferhuzing om't de oanfleantiden nei de Fryske Waadeilannen der langer troch wurde. Kamp skriuwt dat dit allinnich foar Skiermûntseach en It Amelân it gefal is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)