Kamp hâldt fêst oan earder ûndersyk Ofslútdyk

18 des 2014 - 17:28

De Ofslútdyk smyt net genôch fermogen op foar it heljen fan de ôfspraken dy't Fryslân makke hat mei it ryk oer wynenerzje. Dat stelt minister Kamp yn in reaksje op it wynmûnebeslút dat Provinsjale Steaten woansdei naam. Ut earder ûndersyk hat bliken dien dat wynmûnen op de Ofslútdyk net út kinne. De minister hâldt dêr oan fêst.

Kamp hat de provinsje oant en mei 1 jannewaris de tiid jûn om de gebieten dêr't wynenerzjy opwekt wurde kin op it lân planologysk fêst te lizzen. Hy sil de lokaasjes besjen en dan bepale oft dat genôch is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)