Kamminga twad yn Nijeveen

19 apr 2014 - 17:49
  • Manon Kamminga

Manon Kamminga, wenjend op It Hearrenfean, is sneon twadde wurden op de 300 meter by de KNSB baankompetysje skeelerjen yn Nijeveen. Kamminga, sânfâldich Europeesk kampioen, moast Sandrine Tas út België foargean litte. By de manlju gong de winst nei Ronald Mulder. Mulder, de winner fan brûns op de Olympyske 500 meter yn Sotsji, wie op skeelers de rapste. Hy wûn foar Mark Horsten en Lars Scheenstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)