Kamminga en Van Loon winners

29 maaie 2010 - 22:34
  • Jan van Loon (foto: KNSB)
  • Manon Kamminga (foto: KNSB)

Manon Kamminga en Jan van Loon binne de winners fan de baantrijedaagse fan it inline-skaten, de nije namme foar it skeelerjen. Manon Kamminga wûn tongersdei yn Staphorst en freed yn har wenplak Haulerwyk. Yn de wedstriid fan sneon yn Heerde waard se fjirde.

Jan van Loon út Lelystêd, earder fan De Haule, wûn gjin inkele wedstriid. Van Loon waard in kear fjirde, twadde achter Geert-Jan van der Wal en tredde. Dat wie genôch om einwinner te wurden fan dizze baantrijedaagse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)