Kamminga ek de bêste op 'e dyk

05 jul 2013 - 00:49
  • Manon Kamminga

Mei in solo dy't in protte yndruk makke, hat Manon Kamminga de earste gouden medalje helle op it EK skeelerjen yn Almere op 'e dyk. Nei fiif kear goud op de baan, trije kear yndividueel en twa kear mei de Nederlânske ploech, helle se no it goud op de ôffalkoers. En dat die se mei oermacht, mei tank oan Elma de Vries en Bianca Roosenboom.

Kamminga dûbele it peloton. Trije rûntsjes foar de ein naaide se wer út en joech sa de gouden medalje in ekstra gouden rântsje. Sabine Berg út Dútslân pakte it sulver, de Fransêze Justine Halbout it brûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)