Kamminga de bêste yn Vorden

21 jul 2013 - 18:02
  • Manon Kamminga

Manon Kamminga hat snein yn Vorden de winst pakt by de wedstriid om de KPN Inline Cup. Kamminga, wenjend op It Hearrenfean, wie Lisanne Buurman te rap ôf. It tredde plak gong nei Margo van de Merwe út Wolvegea. Klassemintsleidster Elma de Vries wie der net by yn Vorden.

By de manlju gong de winst nei Ingmar Berga, dy't solo oer de streek kaam. Jouke Hoogeveen waard twadde, de Belch Wannes van Praet pakte it brûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)