Kameratafersjoch yn trein helpt

17 jul 2004 - 11:22

Kameratafersjoch helpt tsjin agresje yn 'e trein, sa makket ferfierder Noordned bekend. Harren wurkgebiet is Fryslân en Grinslân. Yn de treinstellen mei kamera's is it tal fernielings en bedrigings mei hast de helte ôfnommen.

Noordned hat in jier ferlyn yn fjirtjin fan de 52 treinen kamera's ophongen. Yn alle treinen wie net mooglik fanwege it jild. Kamera's kostje 25.000 euro de trein. Yn treinen sûnder kamera's is mear baldadigens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)