Kameratafersjoch De Ekers los

11 jun 2013 - 16:31
  • Kamera's De Jouwer

Ramkraken, ynbraken en fernielings. Bedriuweterrein De Ekers op De Jouwer is der regelmjittich mei yn it nijs kaam. Mar dat is no foarby, hoopje de ûndernimmers, want tiisdei is it kameratafersjoch offisjeel yn gebrûk naam.

Der steane trije kamera's op it bedriuweterrein. Hjoed binne dy offisjeel yn gebrûk naam. De kamera's binne yntelligint troch de software dêr't der yn sit. Allinnich as eat of immen op fertochte wize yn byld komt, floept der yn Ljouwert by Schaaf befeiliging in skerm oan.

It is sadwaande net nedich dat immen 24 oeren nei de kamerabylden stoareaget. De ynstallaasje kostet mei-inoar sa'n 60.000 euro, de helte fan de bedriuwen op De Ekers betellet oan de foarsjenning mei. De ynstallaasje draait al in skoftke. Yn dy tiid is der noch gjin ynbrekker trapearre. Wol hoopje de inisjatyfnimmers dat it tal ynbraken bot weromrinne sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)