Kamera's yn sintrum Easterwâlde?

20 nov 2003 - 00:00

De gemeente Eaststellingwerf wol útsykje oft it juridysk mooglik is om bewekkingskamera's te pleatsen yn it sintrum fan Easterwâlde. Dat seit wethâlder Heijltjes fan Eaststellingwerf yn in reaksje op it plan fan ien fan de ûndernimmers.

In soad winkellju fiele har net mear feilich yn it sintrum. By in tal ûndernimmers is al mear as ien kear ynbrutsen. Guon hawwe ek te lijen hân fan ramkreaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)