Kamera's yn riedsseal Dokkum

18 mrt 2005 - 10:50

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Dongeradiel oerwaget kamera's yn te setten om riedsleden better sichtber te meitsjen foar minsken op de publike tribune. De bylden fan de kamera's soene dan metersgrut projekteard wurde kinne op de wite muorre fan de riedsseal.

Der binne klachten oer it útsjoch fan de tribune ôf. De riedsleden binne min te sjen. De foarstellen oer de kamera's moatte noch fierder útwurke wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)