Kamera's yn bussen Qbuzz

30 jun 2010 - 20:45
  • De kamera's hingje boppe yn de bus
  • Yn dizze bussen komme de kamera's te hingjen

Bussjauffeurs wurde hieltyd faker slachtoffer fan agresje en rinne soms klappen op. De situaasje is sa bedriigjend foar sjauffeurs dat busûndernimming Qbuzz besletten hat yn twa bussen yn Súdwest-Fryslân kamera's te pleatsen.

De bylden wurde fuortendaliks nei de meldkeamer fan Qbuzz op It Hearrenfean stjoerd. De sjauffeur hoecht allinnich mar op in knopke te drukken. De meldkeamer wit dan ek krekt wêr't de bus stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)