Kamera's wurkje yn Heerlen

19 nov 2004 - 09:43

De CDA-fraksje fan Ljouwert is posityf oer kameratafersjoch yn de binnenstêd. De fraksje brocht tongersdei in besite oan Heerlen yn Limburch, dêr't yn it sintrum 130 kamera's hingje. Se diene dêr goeie yndrukken op.

De kamera's binne ûnderdiel fan in projekt tsjin kriminaliteit, lykas drugshannel. Dy kriminaliteit is sûnt de ynfiering bot weromrûn. Boargemaster Dales wol it kameratafersjoch ek yn Ljouwert ynfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)