Kamera's tsjin ynbrekkers

21 sep 2009 - 20:00
  • De ûndertekening fan it Keurmerk Veilig Ondernemen

It wurdt feiliger op it yndustryterrein de Kavels op It Hearrenfean. In ploech ûndernimmers krige moandei it keurmerk Veilig Ondernemen útrikt. Mei de gemeente, plysje en brânwacht binne ôfspraken makke om it bedriuwsterrein skjin en feilich te meitsjen en te hâlden.

Doel is om it tal ynbraken werom te bringen. Tritich prosint fan de bedriuwen hat wolris besite hân fan in dief. Kamera's moatte der foar soargje dat de ynbrekkers tenei fuortbliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)