Kamera's op rûnwei De Lemmer

12 apr 2008 - 10:27

By de rûnwei fan de Lemmer hingje kommende wike tritich kamera's om alle ferkearsstreamen yn byld te bringen. Se registreare de kentekens fan alle auto's. De kamera's lizze fêst wêr't se de rûnwei opkomme en wêr't se der wer ôfgean. Dat gebeurt 24 oeren deis.

It ûndersyk is yn opdracht fan de provinsje en de gemeente Lemsterlân. De útkomsten wurde brûkt by de ûntwikkeling fan plannen foar in nije rûnwei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)