Kamera's leinen bernelokker fêst

04 apr 2001 - 00:00

Mei bewakingskamera's koe de Ljouwerter man dy't foar sedelikten fêstsit, oppakt wurde. De plysje hâlde de fertochte (38) tiisdei oan. Mei tastimming fan justysje wienen yn de Ljouwerter wyk Westeinde in pear feilichheidskamera's ophongen.

Trije ynsidinten binne op tape fêstlein. Yn kombinaasje mei ferklearringen fan slachtoffers koe de man oanhâlden wurde. It DNA fan de man wurdt ek besjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)