Kamera's frege op feemerken

29 sep 2006 - 10:33

De Bistebeskerming wol dat op de Ljouwerter en oare feemerken yn Neder- lân kameratafersjoch komt. Yn augustus krige de Algemene Inspectiedienst opdracht om de feemerken ekstra te kontrolearjen fan minister Veerman.

Oanlieding wiene bylden fan it mishanneljen fan kij op de feemerken fan Utert en Ljouwert. Neffens it Bûn fan Feehannelers gie it om ynsidinten. De bistebeskerming freget no om kameratafersjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)