Kamera's bedriuwen De Jouwer

23 maaie 2013 - 11:12
  • Feilichheid

In tal bedriuwen op it bedriuweterrein De Ekers op De Jouwer hat mei elkoar in systeem fan kamerbewaking oanskaft. De kamera's binne delset op strategyske plakken. Yn de meldkeamer fan in bewakingsbedriuw wurde de bylden dei en nacht yn de gaten hâlden. De kamera's kinne sawol oerdeis as nachts minsken, auto's of kentekens oant yn de lytste details yn byld bringe.

Yn maart waard in goud- en sulverbedriuw op De Ekers noch bewaakt troch de plysje, omdat der earder in kamera yn in hage fûn wie, dy't dat bedriuw yn de gaten hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)