Kamerabewaking op Ekers

23 maaie 2013 - 21:57
  • Kamera's De Jouwer

Bedriuweterrein De Ekers op De Jouwer hat lang om let kamerabewaking krigen. Dat frege in ynvestearring fan hast 40.000 euro. De kamera's binne troch in oantal bedriuwen delset op strategyske plakken op it bedriuweterrein. Yn de meldkeamer fan in bewakingsbedriuw wurde de bylden 24 oeren deis yn de gaten hâlden. Neist in soad materiële skea soargje kriminele aktiviteiten derfoar dat minsken har al in skoft net mear feilich fiele op it bedriuweterrein.

Yn maart waard noch in goud-en sulverbedriuw op De Ekers bewaakt troch de plysje, fanwege driging fan in ynbraak. Dêr waard in kamera yn de boskjes fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)