Kamerabewaking ABC-kompleks

09 aug 2012 - 15:36
  • Befeiligingskamera's

Op it ABC-kompleks oan de Frisia yn Drachten is kamerabewaking kommen. Dat beslút hat de gemeente Smellingerlân naam om de oanhâldende fernielings by it kompleks tsjin te gean. Der sil yn de simmer gebrûk makke wurde fan mobile kamera's.

Nei de fakânsje wurde der fêste kamera's op it gebou hongen. Yn it ABC-kompleks sitten twa basisskoallen: 't Anker en De Bolder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)