Kamera stellen yn MCL-noard

02 jun 2004 - 00:00

In lyts drama foar de famylje De Haan fan Nes. Tiisdei waard har soantsje Stijn berne yn sikehûs MCL-noard yn Ljouwert. Flak dêrnei waard har digitale kamera stellen mei dêrop alle foto's fan de befalling en de allerearste foto's fan lytse Stijn.

De kamera lei yn de sikehûskeamer fan de famylje. Doe't de mem even nei de wc moast, is de kamera stellen. It sikehûs fynt it hiel ferfelend, mar seit net oanspraaklik te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)