Kameleonfilm is no al sukses

01 jul 2003 - 00:00

De film De schippers van de Kameleon hat yn it earste wykein dat er te sjen wie, al goed 84.000 besikers lutsen. Dêrmei ha mear minsken de famyljefilm sjoen as eardere suksessen as Minoes, Abeltje en Pietje Bell. In part fan de sjoggers, 14.000, koe fergees nei de bioskoop fanwegen in aksje fan in supermerk.

De film oer de aventueren fan Hielke en Sietse Klinkhamer is te sjen yn 118 bioskopen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)