Kameleondoarp sûnder Talant

23 jul 2008 - 10:49
  • Kameleondoarp sûnder Talantmeiwurkers

De gearwurking tusken Talant en it Kameleondoarp yn Terherne hâldt op. Yn it attraksjepark wurkje 30 kliïnten fan Talant oan it ûnderhâld en yn de pottebakkerswinkel.

De direksje fan it Kameleondoarp wol dat de meiwurkers fan Talant ûnderdiel binne fan de organisaasje, mar se ha in soad begelieding nedich. Ek is de pottebakkerswinkel wykeins ticht en dan komme der krekt in soad besikers. It park wol tenei sels minsken oannimme mei in wurkbeheining.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)