Kameleondoarp set boargemaster yn foar nij aventoer

08 maaie 2015 - 14:58
  • Boargemaster Aalberts en Hofstra by de "oerdracht fan it ambtskeatling"

It Kameleondorp set in nij aventoer yn om mear besikers te lûken. It doarp Lenten fan de skippers Hylke en Sytse is in enklave wurden yn de nije fúzjegemeente De Fryske Marren. Boargemaster Aalberts brocht freed de nije boargemaster Hofstra syn amtsketting. Mar koart nei de oerdracht tôget Hofstra it ketting wei. De besikers moatte helpe him werom te finen en belibje sa in aventoer.

It Kameleondoarp wraksele lang mei in imagoprobleem. Mar sûnt der yn 2010 in nije direksje kaam, groeit it tal besikers wer. Ferline jier kamen der 35.000.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)