Kameleondoarp krijt in 8,2

22 apr 2005 - 14:21

It Kameleondoarp yn Terherne krijt it sifer 8,2 fan syn besikers. Dat docht bliken út in enkête dy't it doarp ferline jier hâlden hat. De besikers is frege nei har miening oer ferskate ûnderdielen fan it doarp.

It tal besikers fan it Kameleondoarp is sûnt 2000 mei de helte tanaam. Yn dat jier kamen der 60.000 minsken, ferline jier wiene dat 92.000. Bekendheid troch de Kameleonfilm spilet dêrby in rol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)