Kameleondoarp ek yn de winter

20 nov 2013 - 19:45

It Kameleondoarp yn Terherne is dit jier foar it earst ek yn de winter iepen. De eigeners Stefan de Lange en Nop de Graaf sjogge de ôfrûne jierren it tal besikers sa bot groeien dat sy tinke dat der ek yn de winter wol minsken op ôf komme sille.

De Lange en De Graaf hawwe it Kameleondoarp no goed twa jier yn hannen en sûnt dy tiid komme der jierliks goed 35.000 besikers. In spesjaal winterprogramma soe dat oantal noch wat fierder omheech bringe moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)