Kameel yn aksje foar brêge

26 apr 2003 - 00:00

Mei in oanklaaide kameel as koprinner fan in optocht wolle de ynwenners fan Ravenswâld witte litte dat se har brêge hâlde wolle. De histoaryske brêge yn it doarp stiet faai. De gemeente wol him ferfange troch in dûker.

De Ravenswâldsters hawwe ûnderwilens in in aksjegroep oprjochte. Der binne buorden delset mei de tekst 'De brug moet blijven'. Foar sneon organisearre de groep in optocht mei kameel en in boerewein mei in spyljend orkest derop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)