Kalsbeek wer yn ried Ljouwert

06 sep 2003 - 00:00

Freerk Kalsbeek fan de de Socialistische Partij yn Ljouwert komt werom yn de rie. Kalsbeek nimt it plak fan Jan-Paul Dekker oer, dy't de gemeenterie fan Ljouwert ferlit. Binnen de fraksje sil Kalsbeek him dwaande hâlde mei de kommisje steds- ûntwikkeling.

Kalsbeek siet oant ferline jier al yn de rie, mar moast doe om sûnensredenen ôphâlde mei it wurk. Hy wurdt kommende moandei ynstallearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)