Kalou traint wer mei seleksje

08 okt 2008 - 13:09
  • Kalou mei nei België (foto M. de Jong)

Bonaventure Kalou traint wer mei by de seleksje fan Sportklub Hearrenfean. Kalou hat in hamstringblessuere, wêrtroch er dit seizoen noch net in soad oan spyljen takaam is.

Yn de tarieding krige hy lêst fan syn hamstring, mar trije wike lyn spile hy by de beloften wer mei. Doe foel er wer út. Kalou traint woansdei foar it earst mei en de oanfaller sil ek mei nei de oefenwedstriid yn België tsjin Zulte Waregem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)