Kalou ferlit SC Hearrenfean

20 okt 2009 - 09:43
  • Kalou ferlit Hearrenfean yn de winterstop

Bonaventure Kalou hat syn langste tiid by de Sportklup Hearrenfean hân. It kontrakt fan de Ivoriaan wurdt per 1 jannewaris 2010 ûntbûn. Kalou wie dwaande mei syn twadde seizoen by de Feansters, mar hat al dy tiid in protte blessueres hân.

De 31-jierrige oanfaller wie sels ek ûntefreden oer syn rol en nei in petear mei de direksje is besletten om útinoar te gean. Kalou kin no transferfrij omsjen nei in oare klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)