Kalkman sânplaat hieltyd populêrder by minsken

29 jan 2015 - 21:16
  • De Kalkman tusken It Amelân en Skiermûntseach

It oantal besikers oan de sânplaten de Kalkman en It Rif is it ôfrûne jier mei mar leafst 70 prosint tanommen. Dat meldt Steatsboskbehear en SOVON Vogelonderzoek yn harren monitor Natoer en Rekraasje foar de Engelsmanplaat, sa as de Kalkman yn it Hollânsk hjit.

Yn 2013 kamen der jierliks noch in 2500 oant 3000 minsken nei de plaat tusken Skiermûntseach en It Amelân. Ferline jier wiene der dat al 4500. Mar it fersteuren fan bisten en fûgels falt ta, neffens de organisaasjes. Dat komt mei trochdat de fûgelwacht dêr aktyf is.

Omdat beide sânplaten in soad fûgels lûkt, moatte de bisten trije oeren foar heech wetter en trije oeren nei heech wetter mei rêst litten wurde. Der sitte ek seehûnen. As wy lykwols sjogge nei it oantal kearen dat minsken fûgels of bisten fersteure, dan liket it ta te fallen, konkludearje Steatsboskbehear en Sovon. Dochs is der mear foarljochting nedich en soe der sjoen wurde moatte nei it ferlizzen fan in fargeul.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)