Kalinder bank oer de grins

03 des 2003 - 00:00

Al jierren jout De Friesland Bank in kalinder út. Dit jier stiet der foar it earst wurk op fan in keunster fan bûten Fryslân. De bank docht dat om't it wurkgebiet de lêste jierren útwreide is nei Grinslân, Drinte, Noard-Hollân en Oerisel.

De kalinder wurdt foar de 35e kear útbrocht. Direkteur Offringa oerlange woansdei it earste eksimplaar fan 2004 oan keunstner Francien Schrikkema. De kalinder is 10.000 kear printe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)