'Kâlde winter mei natueriis'

25 sep 2013 - 08:20
  • Reedride

We krije in te kâlde winter en we kinne reedride op natueriis. Dat is de earste foarsichtige konklúzje fan waarman Piet Paulusma nei oanlieding fan de earste kompjûtermodellen mei in winterferwachting. Letter dizze wike komt Paulusma mei mear ynformaasje oer de kommende winter. Ein november sil er de definitive winterferwachting bekend meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)