Kâld begjin fan de maitiid

22 mrt 2006 - 12:35

De maitiid is tiisdei yn Fryslân út ein set mei in kâlde dei, mei wol aardich wat sinneskyn. It like foar it each waarmer as it wie. Foar in soad minsken wie dat de gelegenheid om de tún alfêst klear te meitsjen foar de simmer.

Foar de kommende tiid wurde noch altyd kâlde nachten foarsein. It earste ljipaai is yn Fryslân ek noch altyd net fûn. It earste ljipaai fan Nederlân wol. Dat waard ferline wike fûn yn Noard-Brabân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)