Kalamiteiteteam foar Marwei

26 okt 2004 - 16:52

Finzenis De Marwei yn Ljouwert krijt in spesjaal kalamiteiteteam om ûnrêst ûnder finzenen te bestriden. Dat hat minister Donner meidield oan de Twadde Keamer. De maatregel komt nei in finzene-oproer fan 17 septimber. Doe moast de ME der oan te pas komme om de detinearden werom yn har sel te krijen.

In spesjaal bystânsteam moat dat yn de takomst tefoaren komme. PvdA-Twadde- Keamerlid Piet Straub hat by de minister oantrune op sa'n team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)