Kalamiteiteplan by Het Friese Land yn wurking steld

05 jan 2016 - 09:06

Thússoarchorganisaasje Friese Land hat tiisdei it kalamiteiteplan yn wurking steld. Dat betsjut dat de organisaasje per kliïnt besjocht oft it echt needsaaklik is dat der in meiwurker delkomt. Boppedat wurdt meiwurkers frege dy't yn de buert fan in kliïnt wenje, oft sy dêr delgean kinne. As it echt ûnmooglik is om earne te kommen, wurdt frege oft bern of buorlju helpe kinne.

It Friese Land besjocht alle oeren hoelang it kalamiteiteplan yn wurking bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)