Kakkerlakken op It Hearrenfean

02 maaie 2003 - 00:00

De bewenners fan de Naardermeerstrjitte yn de wyk De Akkers op It Hearrenfean ha lêst fan kakkerlakken. De bisten feroverje hieltyd mear terrein yn de strjitte. Acht hûzen moatte oanpakt wurde. Tongersdei waard bekend dat wenningbouferiening Arqin betelje sil om de bisten op te rûmjen. Dêrby sil gebrûk makke wurde fan de ekspertise fan de bestridingstechnisi fan Fryslân Miljeu.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)