Kaken potfisk nei Amsterdam

06 jun 2004 - 00:00

In diel fan it skelet fan de potfisk giet nei it soölogysk museum yn Amsterdam. It bist spielde sneon oan by Noordpolderzijl yn Grinslân. It museum krijt ûnder oare de kaken fan it bist.

De potfisk waard ferline wike al troch fiskers sjoen yn de Noardsee boppe Skiermûntseach. Doe waard noch tocht dat it om in bist fan sa'n 20 meter lang gie. By it oanspielen die bliken dat de potfisk noch gjin 10 meter wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)