Kainz tekenet by Hearrenfean

30 jun 2011 - 13:14

Tobias Kainz hat syn kontrakt by SC Hearrenfean mei twa seizoenen ferlingd. De Eastenriker spilet sûnt 2008 yn de jeugdoplieding fan Hearrenfean. Dêrfoar spile de 18-jierrige middenfjilder foar Sturm Graz en Austria Wien.

Kainz hat syn debút yn it earste al makke. Yn de lêste kompetysjewedstriid fan it ôfrûne seizoen spile er mei tsjin Roda JC. Fan ein july ôf sil Kainz ek meidwaan oan it WK foar spilers ûnder de 20 yn Kolombia.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)